Man rekket swier ferwûne by ûngelok mei masine yn Haulerwyk

By in ûngelok mei in masine fan in lânboubedriuw yn Haulerwyk is moandeitejûn in man slim ferwûne rekke. Neffens de earste melding rekke it slachtoffer beknypt. Dat soe yn in masine west ha dy't achter op it terrein fan it bedriuw stiet. It bedriuw yn Haulerwyk ferwurket ûnder oare grienten, dy't yn glêzen potten dien wurde.
© srfotografie
It is net dúlik wat der krekt misgien is. De brânwacht wie útriden om te helpen, en der is ek in traumahelikopter lâne yn Haulerwyk. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.