FIDEO: Omtinken freegje foar betize minsken mei 'fake news'?

Der kamen in soad reaksjes snein en moandei oer in filmke op de facebookside fan Suksawat. De online community pleatste bylden fan in betize frou dy't mei in lytse poppe yn it Ljouwerter bosk wennet. Sa like it alteast. Mar it filmke is net echt. Ferslachjouwer Miranda Werkman wit mear: "De frou is Merel Bakker, sy is in aktrise út Amsterdam. Se is troch de GGZ frege om mei te wurkjen. Suksawat sit ek yn it komplot. Sa woenen se reaksjes útlokje en dat is slagge."
Petear oer GGZ-filmke fan Suksawat
Oft it no gjin 'fake news' is, seit GGZ-psychiater Ton Dhondt: "Ik denk niet dat het fake news is. Onze eigen patiënten kunnen we dit niet laten doen. Dus hebben we een actrice gevraagd, om dit voor ons te doen. Om te laten zien hoe het is om verward te zijn. We zagen dat patiënten van ons op social media geframed worden als gek, of zelfs uitgelokt werden om gek gedrag te laten vertonen tegen betaling."
De aktrise rûn ek om yn Ljouwert as betize persoan. Doe is filme hoe't minsken derop reagearje. Hast alle minsken rinne foarby. "95 persint fan de minsken reagearret net, se witte net wat se dwaan moatte. It doel is om Fryslân toleranter te meitsjen", fertelt Miranda Werkman.
Hoe dan? Werkman: "It foel de aktrise op dat in hiel soad minsken fuortseagen. 'Dan is it krekt as bin ik der net', sei se. Dus groetsje de minsken en sjoch se oan. Dat soe neffens de GGZ al in goed begjin wêze."