Rekreaasjepionier yn Gaasterlân wurdt eare mei strjitnamme

25 jun 2018 - 18:09

Jan Luinenburg (1903-1991), grûnlizzer fan De Hege Gerzen by Aldemardum, is moandei eare mei in eigen strjitnamme. Luinenburg wie ien fan de grutte pioniers foar de rekreaasje yn Gaasterlân.

Soan en dochter ûntbleatsje nammeboerd - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster wie by de ûntbleating fan it Jan Luinenburgpaad (1)

Sa joech hy 60 jier lyn in part fan syn boerelân frij om nei de Iselmar te kommen, sadat dêr swommen wurde koe. Al gau kaam der in paviljoentsje by, waarden der tintsjes en caravans delset en joech Luinenburg sels aansichtkaarten út mei de tekst 'Groeten uit Oudemirdum aan zee'.

Us heit hie dit prachtich fûn, écht wier!

Dochter fan Jan Luinenburg

Hjoed-de-dei is op dat plak noch altyd strânpaviljoen en rekreaasjeterrein De Hege Gerzen te finen, dat yn de regio sjoen wurdt as in echt 'lûker' foar rekreanten en toeristen. De ûntbleating fan it nammeboerd waard dien troch in grutske soan en dochter fan dizze rekreaasjepionier. "Us heit hie dit prachtich fûn, écht wier!"

Rekreaasjesintrum De Hege Gerzen - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster wie by de ûntbleating fan it Jan Luinenburgpaad (2)

(advertinsje)
(advertinsje)