FIDEO: Sportoersjoch mei maleur foar Epke en Taeke yn de top 5

FIDEO: Sportoersjoch 25 juny
Alle moandeis skoot ien fan ús sportferslachjouwers oan yn Fryslân Hjoed. Diskear hat Andor Faber it ûnder oare oer Nyck de Vries. De autoracer hat syn earste oerwinning fan it seizoen binnen yn de Formule 2.
Fierder giet it oer it NK Turnjen, dêr't Epke Zonderland ek oan meidie. Hy hie lykwols maleur oan syn materiaal, wêrtroch't er syn oefening foartidich beëinigje moast. Dochs is er tefreden, want de foarm liket goed.
Guon fan de bêste sporters út Fryslân en fier dêrbûten dienen snein mei oan de Frysman-triatlon: 3,8 kilometer swimme, 180 kilometer fytse en goed 42 kilometer rinne. Jacob Veenstra, Fries om utens, wie de rapste.
Keatser Taeke Triemstra kin weromsjen op in goed wykein. Mei Gert-Anne van der Bos en Tjisse Steenstra wûn er twa wedstriden en boppedat klom er nei it fyfde plak fan it keatsklassemint aller tiden.
Fierljepper Thewis Hobma is dwaande oan in prima seizoen. Yn Drylts pakte er alwer syn sechsde oerwinning fan it seizoen yn tsien wedstriden.
Taeke Triemstra kin weromsjen op in goed wykein © Henk Bootsma