Fryske organisaasjes wolle data mei elkoar diele

25 jun 2018 - 17:06

Acht Fryske organisaasje wolle mei elkoar Datahub Fryslân opsette. In datahub is in kolleksje fan data út ferskate boarnen, dy't mei elkoar of mei oaren dield wurde kin.

De provinsje, hegeskoalle NHL Stenden, de RUG/Campus Fryslân, it Fries Sociaal Planburo en de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Hearrenfean wolle mei in Fryske datahub ek gegevens mei elkoar diele. En se wolle fan elkoar op it gebiet fan data leare.

Neffens de organisaasje binne we hieltyd mear ôfhinklik fan data by ús wurk en bygelyks by ûndersyk. Troch de krêften te bondeljen yn in datahub wurdt de ûnderfining mei data fersterke en slút Fryslân oan by dy ûntwikkeling. De acht organisaasjes wolle ek prate mei belangrike data-rjochte ynstellingen as it CBS en TNO.

Nei de earste ûntwikkelingsfaze is it de bedoeling dat safolle mooglik oare organisaasjes, oerheden en bedriuwen har oanslute by de Datahub Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)