UPDATE: Harnzer oanhâlden yn wytwaskûndersyk by Hells Angels

25 jun 2018 - 16:42

Yn it ûndersyk fan de FIOD nei it wytwaskjen fan jild by de motorklup Hells Angels is der in 47-jierrige man út Harns oanhâlden. De man wurdt fertocht fan it yn it besit hawwen fan wapens en drugs. Boppedat binne neffens de FIOD de legale ynkomsten fan de fertochte net heech genôch om hiele djoere dingen fan te keapjen.

Ien fan de yn beslach nommen motors - Foto: FIOD Belastingdienst

De FIOD tinkt dat er krimineel jild brûkt hat om dat te dwaan. Troch ûnreplik guod en oar lúkse guod te keapjen, soe er syn kriminele ynkomsten wytwosken ha.

By ynfallen op seis lokaasjes yn Fryslân, wêrûnder Harns, waard moandei beslach lein op ûnder oare in hûs, twa motors, jild en sieraden. By de Harnzer waarden twa fjoerwapens, in lûddimper, tsientallen patroanen, twa neimaak fjoerwapens en sa'n 1,5 kilo himp yn beslach nommen.

De FIOD en de plysje foelen ûnder oare binnen by it kluphûs fan de Hells Angels yn Harns en by in garaazjeboks yn de stêd.

Trefwurden: 
Harns Hells Angels FIOD
(advertinsje)