Dief fan fleskes rûkersguod moat twa wiken de sel yn

25 jun 2018 - 15:51

In 33-jierrige man moat twa wiken de sel yn foar it stellen fan trije fleskes rûkersguod út in winkel yn Ljouwert. De man út Rûanda hat gjin ferbliuwsfergunning en doarde om dy reden net nei de rjochtbank te kommen, om't er bang wie oppakt te wurden.

Foto: ANP

De man leit út dat er gjin kant op kin: hy krijt gjin ferbliuwsfergunning, mar kin ek net werom, om't er gjin dokuminten hat dy't bewize dat hy út Rûanda komt. De man hat gjin ynkomsten en is ferslave oan alkohol. Hy woe it rûkersguod, mei in wearde fan hast 300 euro, op strjitte ferkeapje om oan jild te kommen.

De man is faker feroardiele foar stellerij en krige dêrom in selstraf sûnder betingst oplein.

(advertinsje)