Filmke fan frou dy't yn Ljouwerter Bosk wennet, is net echt

25 jun 2018 - 14:30

It filmke dat op Suksawat stiet is net echt. Op it filmke is te sjen hoe't in frou allinnich yn de bosk wennet mei in bern. Der wurdt in soad op reagearre op social media. Minsken binne lilk en besoarge. Mar de frou is in aktrise. Suksawat sit yn it komplot en pleatste mei opsetsin de opnames om sa reaksjes út te lokken.

Onze patiënten worden op social media geframed. Uitgelokt om gekke dingen te doen.

Ton Dhondt, psychiater/ried fan bestjoer GGZ

De aktrise is ynhierd troch GGZ Fryslân. Om oandacht te freegjen foar de reaksjes op betize minsken. Want de ynstelling sjocht hieltyd faker dat kwetsbere minsken op social media framed wurde. Of sels útlokke wurde om nuvere saken te dwaan. "Soms zelfs tegen betaling", seit psychiater Ton Dhondt. "Dus eigenlijk is dit wel echt waar, dit soort situaties doen zich elke dag voor."

Dan draaien ze hun hoofd weg. Dat voelt ellendig.

Merel Bakker, aktrise

Mar it bliuwt net by dit iene filmke. Aktrise Merel Bakker hat ek in pear kear yn it sintrum fan de stêd in betize frou spile dy't op syk wie nei har bern. Mei ferburgen kamera's is filme hoe't minsken reagearje. Foar de aktrise wie dat bêst heftich. Foaral as minsken fuortsjogge. "Dan draaien ze hun hoofd weg. Dat voelt heel ellendig."

Sy hopet dat troch de kampanje minsken harren bewust wurde fan harren eigen reaksjes en foaroardielen. "Ik snap ook wel dat het lastig is. Je hoeft ook niet meteen iemand te redden. Maar kijk ze gewoon aan en geef het gevoel dat ze bestaan."

Der binne ek minsken dy't wol helpe wolle. Mar de measten witte gewoan net wat se dwaan moatte. "Handelingsverlegen noemen wij dat", seit psychiater Ton Dhondt. Doel fan de kampanje is om minsken toleranter te meitsjen tsjinoer betize minsken. "Voor wie wil weten wat je kunt doen, bieden wij sinds kort een hele mooie cursus aan, MHFA, Menthal Health First Aid.

Yn Fryslân Hjoed mear oer dizze opfallende wize fan kampanje fieren fan de GGZ, ZIENN en online community Suksawat.

(advertinsje)
(advertinsje)