Selstraf foar Drachtster militêr nei deadlike oanriding

25 jun 2018 - 14:27

De militêre keamer hat in 30-jierrige militêr út Drachten feroardiele ta fjouwer moannen militêre detinsje foar it feroarsaakjen fan in deadlik ûngelok op de A7 by Wieringerwerf, yn maaie ferline jier. Neist de selstraf krige de man ûnder betingst in rydûntsizzing foar twa jier.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Drachtster ried mei in militêre frachtwein achterop in file. Hy socht op dat momint op syn telefoan in nije rûte om dy file just te ûntwiken. Troch de botsing ferstoar de 30-jierrige bestjoerster fan de auto dêr't de militêr achterop ried. Neffens de militêre keamer ried de man "onvoorzichtig, onoplettend en onachtzaam".

By it bepalen fan de straf hâldt de militêre rjochter rekken mei it feit dat de militêr syn ferantwurdlikheid foar it ûngelok naam hat, meiwurke oan it ûndersyk en in grut skuldbesef hat.

De militêre detinsje is yn in spesjale militêre finzenis yn Stroe yn Gelderlân. Dêr wurkje detinearren oan harren kondysje en feardigens.

(advertinsje)