"Agresje en geweld hearre der suver by yn it iepenbier bestjoer"

Hast ien op de trije boargemasters en wethâlders hat ferline jier te meitsjen hân mei geweld, Dit docht bliken út de Monitor Agressie & Geweld Openbaar Bestuur, dy't moandei nei de Twadde Keamer stjoerd is. It giet om stiging fan 2 persint yn fergeliking mei it jier dêr foar. Sa'n 15 persint fan de belutsenen jout boppedat ta dat dizze bedrigingen ek ynfloed ha op stânpunten dy't se ynnimme.
© Gemeente De Fryske Marren
Ik ha in kear in stoel nei myn holle krigen. In inkelde kear rydt de plysje wat faker troch myn strjitte.
Fred Veenstra, foarsitter Feriening fan Fryske Gemeenten en boargemaster De Fryske Marren
Ek bestjoerders yn Fryslân hawwe te krijen mei bedrigingen en geweld. Fred Veenstra, boargemaster fan De Fryske Marren en foarsitter fan de Feriening fan Fryske Gemeenten, fertelt dat hy dit sels ek meimakke hat. "Ik ha in kear stoel nei myn holle krigen. En in inkelde kear giet it safier dat de plysje wat faker troch myn strjitte rydt", fertelt Veenstra.
Nettsjinsteande de bedrigingen, hâldt Veenstra fan syn wurk. "De bedrigingen komme sa ynsidinteel foar, dat de leuke dingen dêrtroch net it ûnderspit delve. It wurk is oer it algemien hiel leuk."
Fred Veenstra
Net allinne foar Veenstra en syn kollega bestjoerders binne geweld en bedrigingen oan harren persoanlik adres yngripend. Ek op de neisten hat it ynfloed. Dy hawwe sydlings ek te krijen mei dy bedrigingen. Veenstra: "Dêr moatte je it thús wol oer hawwe. It kin wêze dat ik sizze moat: 'Doch de doar jûn mar net iepen as der oanbelle wurdt.'" Leuk is de yntimidaasje net, mar bang is de boargemaster ek net: "It heart er suver by. It is net oars."
Minister Ollongren fan binnenlânske saken wol bedrige bestjoerders tenei better bystean. Der wurdt dêrom in lanlik ûndersteuningsteam opset om help te bieden as bestjoerders te meitsjen krije mei bedrigingen of geweld.