Noch gjin oanhâldingen foar oerfal âlder echtpear Easterwâlde

25 jun 2018 - 13:56

De plysje hat noch gjin minsken oanhâlde kinnen foar de oerfal fan freedtemoarn betiid yn Easterwâlde.

Wenningoerfal yn Easterwâlde - Foto: Srfotografie

Nei alle gedachten wienen it twa manlju dy't doe in âlder echtpear oerfoelen. Se namen har auto mei, mar dy waard even letter weromfûn. Oft se mear meinaam hawwe, wol de plysje net sizze.

Dy plysje is noch dwaande mei it ûndersyk. Dêrby wurde ûnder oare buertbewenners ûnderfrege, mar ek wurdt sjoen oft der kamerabylden binne. In wurdfierder fan de plysje seit dat der yntusken ek al wat tips binnenkaam binne, mar dy hawwe dus noch net laat ta oanhâldingen.

Trefwurden: 
plysje Easterwâlde oerfal
(advertinsje)
(advertinsje)