Staking yn streekferfier giet definityf troch

25 jun 2018 - 13:47

De lanlike staking yn it streekferfier giet definityf troch, omdat de bemiddeling foar in nije cao yn it iepenbier ferfier mislearre is. Dat hat it fakbûn CNV bekend makke. De busstaking set woansdei útein en duorret trije dagen.

In bus fan Arriva op it bsstasjon yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

"Helaas, we hadden het graag anders gezien", seit Jean-Marie Severijns, dy't foar CNV Vakmensen oan de ûnderhannelingstafel siet.

"Koude douche"

In wike lyn waard de staking al oankundige. Doe waard meld dat de staking moandei úteinsette soe. Dat is letter mei twa dagen útsteld, om de ûnderhannelers yn it cao-konflikt mear tiid te jaan om ta in akkoart te kommen, mar dat is dus net slagge. Severijns: "De uitkomst is een koude douche. Er is nog geen licht aan het einde van de tunnel. De werkgevers weten van geen wijken; er blijkt geen enkele verbetering mogelijk."

De fakbûnen wolle bettere ôfspraken oer de wurkdruk en in leansferheging.

Trefwurden: 
iepenbier ferfier staking CAO
(advertinsje)
(advertinsje)