Bou fytsbrêge fan biomateriaal yn Ritsumasyl úteinset

25 jun 2018 - 12:36

By Ritsumasyl is úteinset mei de bou fan in fytsbrêge dy't makke is fan biomateriaal. De brêge fan flaaks en hars is de earste 'biobased' brêge yn it iepenbiere wegenet fan Europa.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De gemeente Waadhoeke is goed te sprekken oer de nije fytsbrêge, dy't yn april 2019 klear wêze moat. Neffens wethâlder Jan Dijkstra is it moai om sirkulêr dwaande te wêzen: "It is de earste brêge fan dizze omfang dy't makke is fan biomateriaal." Oant de nije fytsbrêge der is, kin der fergees gebrûk makke wurde fan in pontsje.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Alde brêge op nij plak

Op it plak dêr't de nije fytsbrêge komt, lei al in brêge, mar dy wie oanein. Dochs sille ûnderdielen fan de âlde brêge opnij brûkt wurde foar in brêge by Aldwâld. Neffens wethâlder Jelle Boerema fan Kollumerlân moat alles noch wol op maat makke wurde. "Daar maken we een project van met onderwijs en het bedrijfsleven."

De brêge fan Aldwâld moat dit jier noch klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)