COC Fryslân hopet dat Roze Zaterdag begjin is fan Fryslân as Reinbôgeprovinsje

25 jun 2018 - 12:14

Wiekie Gorter fan COC Fryslân hopet dat de komst fan Roze Zaterdag yn 2020 nei Ljouwert derta bydraacht dat Fryslân in Reinbôgeprovinsje wurdt. Fryslân en Utrecht binne de iennige provinsjes yn Nederlân dy't gjin Reinbôgeprovinsje binne. Utrecht moat noch stimme, Fryslân hat yn 2016 tsjinstimd.

Troch Reinbôgeprovinsje te wurden, litte provinsjebestjoeren sjen dat se harren ynsette foar de feiligens, striidberens en sosjale akseptaasje fan lesbiennes, homo's, biseksuelen en transgenders. De provinsjebestjoeren prate ôf dat se mear dogge foar likense behanneling fan LHBTI'ers. Drinte wie yn 2016 de earste Reinbôgeprovinsje. Yn Fryslân dienen de fraksjes fan PvdA, D66 en GrienLinks ek in foarstel om Reinbôgeprovinsje te wurden, mar dat waard fuortstimd.

Wiekie Gorter fan COC Fryslân

No hopet COC Fryslân dus dat Roze Zaterdag derfoar soarget dat Fryslân dochs meigiet. Gorter sjocht de komst fan Roze Zaterdag as erkenning fan de LHBTI yn Fryslân. "We zijn heel blij met dit behaalde succes", seit Gorter. "Vorig jaar hadden we ook al een bidbook ingediend en toen zijn we het niet geworden. Met de feedback zijn we aan de slag gegaan. Op verzoek van het bestuur besteden we meer aandacht voor acceptatie van LHBTI in de sportwereld."

City of Love

City of Love is it tema fan de Roze Zaterdag yn 2020. Leafde wurdt geregeld brûkt as tema, mar neffens de organisaasje is it ek it meast universele gefoel. Yn 2019 is Roze Zaterdag yn Venlo. Gorter: "In Leeuwarden zullen op verschillende plekken evenementen plaatsvinden, die in het teken staan van Roze Zaterdag. Zo wordt het Oldehoofsterkerkhof het Plein van de Liefde, op het Mata Hariplein bij de regenboogtrap zullen verschillende acts plaatsvinden en het Fries Museum wordt omgedoopt tot roze tempel. En we verzorgen uiteraard een grote pride."

Trefwurden: 
Roze Zaterdag COC Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)