Fries Museum ek op moandei iepen yn july en augustus

25 jun 2018 - 11:34

De belangstelling foar de eksposysje 'Escher op Reis' yn it Fries Museum is sa grut, dat it museum yn july en augustus sân kear ekstra iepen giet. It giet om de moandeis yn dy moannen. It museum is dan ek middeis fan 13.00 oant 17.00 oere iepen. Dit is útsein moandei 30 july. It museum is dan ticht om't der dan printen ferfongen wurde.

'Relativiteit', houtsnede út 1953 - Foto: www.mcescher.nl

De tentoanstelling 'Escher op Reis' iepene op 28 april en wie fan it begjin ôf faak útferkocht. Yn seis wiken tiid kamen der 50.000 minsken nei de eksposysje. It museum riedt minsken oan om kaarten yn it foar fia de webside te bestellen.

(advertinsje)
(advertinsje)