Fiif jier easke om crystal meth yn drugslab Haulerwyk

In 56-jierrige ynwenner fan Haulerwyk moat fiif jier de sel yn, as it oan it Iepenbier Ministearje leit. De man soe belutsen west ha by in drugslaboratoarium yn syn doarp. Tsjin 2 oare fertochten, twa manlju fan 42 en 43 jier út Guatamala, easke de offisier fan justysje finzenisstraffen fan fjouwer jier.
It drugslab yn Haulerwyk © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De manlju waarden op 30 novimber ferline jier oanhâlden by in ynfal fan de plysje yn it gebou oan de Slotemaker de Bruïnewei yn Haulerwyk. De plysje die de ynfal nei in tip dat der yn it gebou drugs makke waarden, it saneamde crystal meth.
Neffens de haadfertochte ferhierde hy it gebou oan de twa Midden-Amerikanen en wist hy neat fan in drugslab. De twa oare fertochten seinen dat se as skjinmakker ynhierd wiene. De rjochter docht op 6 july útspraak.