Trein brûkt as brêgedek by Dokkum

25 jun 2018 - 11:17

De Dinzerbrêge oer de Strobosser Trekfeart by Dokkum krijt in bysûnder brêgedek. Dat bestiet út losse planken fan keunststof út treinstellen fan de NS. It dek wurdt kommende woansdei pleatst.

Foto: Jaap Spieker

De provinsje lit de kommende tiid sân fan de âlde brêgen oer de Feart opknappe. Belangryk derby is dat de brêgen de karakteristike útstrieling behâlde, mar dat dit mei duorsume materialen dien wurdt.

It nije brêgedek is ûntwurpen, test en ûntwikkele troch in bouteam mei dêryn de provinsje, advysburo RoyalHaskoningDHV en produsint Composite Structures.

(advertinsje)
(advertinsje)