Ynfal by Hells Angels yn Harns

25 jun 2018 - 10:49

De plysje hat op twa lokaasjes in ynfal dien by de Hells Angels yn Harns. De FIOD, de opspoaringstsjinst fan de Belestingtsjinst, fertinkt de Hells Angels fan wytwaskjen.

Under oare it kluphûs oan de Marconistrjitte soe trochsocht wurde. Dêrby soe de strjitte ek ôfsletten west ha. Ek in loads oan de Kelvinstrjitte waard trochsocht troch plysjes yn bivakmûtsen.

It is noch ûnbekend wêr't de plysje krekt nei op syk west hat. Letter op moandei wurdt mear ynformaasje oer de ynfal bekend makke.

Trefwurden: 
Harns Hells Angels ynfal FIOD
(advertinsje)