Dupearre teätergroep bot oandien troch brân; LF2018-foarstelling De Oare giet net troch

25 jun 2018 - 10:03

De foarstelling 'De Oare' fan teätergroep Buiten de Boot giet net troch fanwegen de brân yn it eardere belestingkantoar yn Ljouwert, ôfrûne freed. Troch de brân is it dekôr fan de foarstelling op lokaasje ferlern gien. De foarstelling soe tusken 10 en 24 july spile wurde. De tiid ûntbrekt om foar dy datum in nij dekôr te bouwen en in nije lokaasje te finen.

Foto: Kappers Media

Ofrûne freed bruts in grutte brân út yn it âld-belestingkantoar oan de Tesselschadestrjitte. Der rekke niet ien ferwûne, mar ferskate minsken dy't it pân brûkten en in tal omwenners, rekken wol dupearre troch de skea dy't de brân feroarsake. Under harren dus ek teätergroep Buiten de Boot.

We zijn geschokt. Toch wensen we dat deze voorstelling een mooi vervolg krijgt.

Teätergroep Buiten de Boot

De leden fan de teätergoep binne bot oandien troch de brân en moatte dit earst ferwurkje, sa sizze se yn in earste reaksje. Dochs hopet de teätergroep dat de brân net hielendal de ein is, mar it begjin fan wat nijs. Se roppe dêrby de help yn fan de mienskip, mar witte noch net krekt hoe't dit stâl krije moat.

"We zijn geschokt. Toch wensen we dat deze voorstelling een mooi vervolg krijgt. Daar zullen we de hulp van de community van Leeuwarden hard bij nodig hebben. We hopen dat dit incident niet de ondergang is, maar een opgang naar iets moois dat door de community gedragen wordt. Op welke manier weten we zelf ook nog niet. Eerst maar met de groep bij elkaar komen om dit te verwerken."

Minsken dy't de teätergroep stypje wolle kinne telanne op de Facebookside fan de teätergroep.

Ryksgebouwetsjinst docht ûndersyk

Yntusken sil de Ryksgebouwetsjinst dizze wike ûndersyk dwaan nei de steat fan it gebou oan de Tesselschadestrjitte. Sy binne de eigener fan it eardere kantoargebou. Yn de rin fan dizze wike moat dêr dúdlikheid oer komme. Neffens wurdfierder Simone Klein Haneveld stie it gebou wol op de list om fan eigener te wikseljen. "Het gebouw stond inderdaad op de nominatie om, zoals wij dat noemen, 'af te stoten'", sa seit de wurdfierder.

De Ryksgebouwetsjinst is ferantwurdlik foar it behearen en it yn stân hâlden fan gebouwen yn ús lân dêr't de oerheid eigener fan is. Se binne ûnderdiel fan it 'Rijksvastgoedbedrijf'. Dy stelle plakken as finzenissen, rjochtbanken, brânwachtkazernes, fleanfjilden, definsjeterreinen, havens, monuminten of belestingkantoaren beskikber. Se wurde brûkt troch de Nederlânske steat.

(advertinsje)