Soad reaksjes op Suksawat-filmke fan frou dy't yn bosk wennet

25 jun 2018 - 06:58

Der komme in soad reaksjes binnen op it filmke dat online community Suksawat op Facebook pleatst hat. Op it filmke is te sjen hoe't in frou yn it Ljouwerter Bosk wennet. It liket oft de frou in berntsje by har hat.

Behoorlijk zorgelijk wanneer mevrouw dakloos is en hier met haar kindje woont.

Reaksje fan Gertjan Oppersma op Facebook

Minsken reagearje lilk. "Hebben jullie ook nagedacht over de mogelijke gevolgen van deze publicatie voor die vrouw?" Ek freegje guon har ôf wêrom't de frou wol filme wurdt en net help krijt: "Behoorlijk zorgelijk wanneer mevrouw dakloos is en hier met haar kindje woont." Hoelang't de frou yn it bosk wennet of wat har achtergrûn is, is net dúdlik. Der wurdt oan de redaksje frege om it filmke derôf te heljen.

Neffens Suksawat hawwe se dit filmke fia de mail krigen mei it berjocht; "Joo, we zagen deze chick in het Leeuwarder bos. Volgens mij loopt ze daar ook nog met een baby. Woont ze zo, of heeft ze alvast een festivalcamping opgezet?" Suksawat seit dat se dit diele mei de folgers, "want het gebeurt gewoon wél, in Leeuwarden."

Ek by de GGZ komme yntusken reaksjes binnen fan ferûntrêste minsken. Dy fine dat de GGZ yn aksje komme moat. De GGZ lit witte dat se net op individuele saken yngean kinne.

Trefwurden: 
filmke betize Suksawat
(advertinsje)