FIDEO: Oerol slút 37e edysje tefreden ôf

24 jun 2018 - 22:00

De 37e edysje fan Oerol sit derop. It teäterfestival op Skylge waard sneintejûn ôfsletten op it Griene Strân. Krekt as in jier lyn waarden der 120.000 teäterkaarten ferkocht. Der wienen dit jier 37 teäterfoarstellings op Oerol, wêrfan't der 19 premjêres wienen.

It lânskip wie dizze edysje in wichtige ynspiraasjeboarne en tema op it festival. Oare tema's wienen rasisme, de relaasje tusken mins en natoer en de 'post truth society'. Dat waard kombinearre mei mear persoanlikere tema's. Ek taal spile dit jier in wichtige rol, mei de projekten fan Lân fan taal.

Direkteur Marelie van Rongen hat it oer in suksesfolle edysje, wêryn't eins alles goed gie.

Trefwurden: 
Oerol
(advertinsje)