Taeke Triemstra no fyfde aller tiden yn keatsklassemint

Taeke Triemstra is troch de goede resultaten fan dit wykein klommen nei it fyfde plak fan it ivige keatsklassemint. De keatser út Sint-Jabik stiet no op 701 punten en dat binne twa mear as Chris Wassenaar, dy't in plakje sakket.
Taeke Triemstra © Henk Bootsma
Triemstra klom in wike lyn al nei it sechsde plak, doe't er Tunno Schurer byhelle. Hy wist dat er mei in goed wykein mooglik mar in wike nedich hie om op 'e nij in plak te klimmen en dat slagge. Mei twa oerwinningen yn ien wykein (Holwert en Berltsum) pakte Triemstra seis punten.
Foar't er wer in plak klimt, sil wol even duorje: Sake Saakstra stiet fjirde mei 770 punten.
De top fan it keatsklassemint by de manlju:

Van der Graaf op 502 punten

By de froulju gie Leonie van der Graaf-Zeinstra troch de grins fan 500 punten. Sy wûn sneon mei Ilse Tuinenga en Harmke Siegersma foar Berltsum de bûnspartij yn Eksmoarre. Van der Graaf stiet no mei 502 punten op it tredde plak yn it ivige punteklassemint.
De oerwinning fan Berltsum sneon wie al de sechsde yn de lêste sân jier. Dêr bliuwt it foarearst nei alle gedachten ek by, want Van der Graaf sei nei ôfrin dat it de lêste kear wie dat se oan de bûnspartij meidie. Sy hat 'm yn totaal al acht kear wûn. Ilse Tuinenga keatst tenei foar Frjentsjer, omdat se nei dy stêd ferhuzet.
It partoer fan Berltsum op de bûnspartij fan 2018 © Henk Bootsma
De top fan it keatsklassemint by de froulju: