Flylân pakt strânferbreding wer op

24 jun 2018 - 21:12

Baggermaatskippij Van Oord út Rotterdam begjint moandei mei de tariedings foar sânsuppleesje op Flylân. Nei de simmer begjint it echte wurk.

Foto: ANP

Ferline jier oktober lei Rykswettersteat de wurksumheden stil. De gearwurking mei oannimmer Van der Lee waard opsein. Rykswettersteat wie net te sprekken oer de útfiering fan it wurk.

Van Oord bringt moandei út see wei in lieding nei it strân ta. Ek komme der buizen op it strân te lizzen. It opspuitsjen fan sân is nedich foar de feilichheid fan ús lân. It strân wurdt breder makke.

Trefwurden: 
Flylân sânsuppleesje
(advertinsje)
(advertinsje)