Jacob Veenstra wint Frysman-triatlon by It Reaklif

24 jun 2018 - 18:44

Jacob Veenstra fan Surhuzum hat de triatlon Frysman by it Reaklif wûn. De yn Grins wenjende Veenstra hie 9 oeren, 8 minuten en 41 sekonden nedich foar 3,8 kilometer swimmen, 180 kilometer fytsen en in hiele maraton hurdrinnen. It wie de fjirde edysje fan de Frysman.

Foto: Omrop Fryslân, Koos Wieling

De reaksje fan Jacob Veenstra nei ôfrin

De swiere triatlon sette sneintemoarn om 7.30 oere útein by It Reaklif by Skarl. Oer it swimmen die Veenstra in oere en goed tolve minuten. Doe lei er noch net earste, mar nei it hurdfytsen wol. Mei de goed 42 kilometer hurdrinnen (yn goed trije oeren en tsien minuten) rûn er allinnich mar fierder út. Uteinlik wie syn foarsprong op Jeroen Visser, de nûmer twa, mear as 35 minuten.

Stefan van der Pal, winner fan de foarige twa edysjes

Tsjeard Hofstra fan de organisaasje fan Frysman

Anton Theo Borger út Surhústerfean waard fyfde, Dyan Hendriks fan Boalsert alfde en Lemster Kor Broers tolfde.

By de froulju wie Karla Schipper út Grins de bêste yn 11 oeren, 2 minuten en 44 sekonden.

(advertinsje)
(advertinsje)