Partoer Gert-Anne van der Bos wint ek yn Berltsum

24 jun 2018 - 18:20

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hat de twadde oerwinning fan it wykein binnen. De trije wûnen snein de haadklassepartij yn Berltsum, nei't se sneon ek al de winst yn Holwert pakt hienen. Yn in spannende finale wûnen Van der Bos-en-dy mei 5-5 en 6-4 fan it partoer fan Auke Boomsma.

Tjisse Steenstra - Foto: Henk Bootsma

De finale gie lang lykop. In soad earsten wienen spannend en pas let pakte it trio Van der Bos in gatsje: 5-3. Auke Boomsma, Marten Feenstra en Laas Pieter van Straten kamen dêrnei wer goed werom. Earst ta 5-4, nei in boppeslach fan Feenstra op 5-3 en 6-6, en dêrnei sels ta 5-5, nei't Triemstra de bal kwea sloech, op 'e nij op 6-6. Uteinlik sloech dyselde Triemstra syn partoer nei de oerwinning mei in boppeslach op 5-5 en 6-4.

Tjisse Steenstra waard útroppen ta kening yn Berltsum.

Taeke Triemstra, Tjisse Steenstra en Gert-Anne van der Bos - Foto: Henk Bootsma

Yn de twadde omloop stienen Van der Bos-en-dy tsjinoer it partoer fan Marten Bergsma. Dat wie in dei earder yn Holwert noch de finale. Doe wûn Van der Bos al mei 5-3 en 6-2. Yn Berltsum wie it trio fan Bergsma ticht by in stunt, mar op 5-5 en 6-6 sloech Bergsma de bal bûten it perk. Yn de heale finale wûnen Van der Bos-en-dy mei 5-2 en 6-0 fan Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Dat partoer waard úteinlik tredde.

Auke Boomsma, Laas Pieter van Straten en Marten Feenstra wûnen yn de twadde omloop mei 5-1 en 6-0 fan Elgar Boersma-en-dy. Fia in steand nûmer yn de heale finale kaam it partoer Boomsma yn de finale.

Ferliezend finalist Marten Feenstra oer syn comeback

Triemstra no fyfde aller tiden

Taeke Triemstra klom troch it goede wykein fan syn partoer wer in plakje yn it ivige keatsklassemint. Hy stiet no op 701 punten en dat binne twa mear as Chris Wassenaar. Der binne mar fjouwer keatsers dy't mear punten hawwe.

De top fan it keatsklassemint:

  1. Piet Jetze Faber, 885
  2. Hotze Schuil, 876
  3. Wiebren van Wieren, 785
  4. Sake Saakstra, 770
  5. Taeke Triemstra, 701
  6. Chris Wassenaar, 699
  7. Tunno Schurer, 695
(advertinsje)