Sykaksje yn wetter Snits nei fermiste frou foarearst stopset

24 jun 2018 - 17:20

De plysje hat de sykaksje nei de fermiste persoan yn it wetter yn Snits stilsetten. De syktocht konsintrearre him op de omjouwing fan de Wetterpoarte, mar úteinlik is der yn de wide omjouwing socht. Dat hat noch neat opsmiten.

Sneontenacht begûn de sykaksje nei de frou dy't yn it wetter rekke wie. Snein is op ferskate wizen fierder socht. Sa waard sonarapparatuer ynset en hat in saneamd dregteam út Urk meisocht. De skipfeart koe net troch it wetter yn Snits.

Trefwurden: 
Snits syktocht Wetterpoarte
(advertinsje)
(advertinsje)