Earste seizoensoerwinning Nyck de Vries yn Formule 2

24 jun 2018 - 15:08

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea hat snein yn Frankryk syn earste oerwinning fan it seizoen yn de Formule 2 pakt. De 23-jierrige Fries wûn yn Le Castellet de sprintrace.

De Vries wie sneon yn de haadrace fiifde wurden op it sirkwy Paul Ricard en hy mocht snein as fjirde fan start. By de start wûn er al in plakje en even letter pakte er ek de oare twa koereurs dy't foar him start wienen. Nei 21 ronden kaam De Vries mei in grutte foarsprong as earste oer de finish.

Dit was een kwestie van tijd.

Nyck de Vries nei syn oerwinning

"Deze overwinning was een kwestie van tijd", sei De Vries tsjin Ziggo Sport. "Het was een comfortabele zege. Met de snelheid van de auto zat het vandaag wel goed. We verdienden deze overwinning meer dan wie dan ook."

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(advertinsje)