Oerol kin ynfloed LF2018 goed fernimme

24 jun 2018 - 14:23

De Oerolorganisaasje sjocht tige tefreden werom op de 37e edysje fan it teaterfestival. Krekte sifers oer de kaartferkeap en besikersoantallen binne der noch net. Oant sneintejûn let binne der noch foarstellings. Festivaldirekteur Marelie van Rongen tinkt lykwols dat it like goed wêze sil as ferline jier.

Op roltsjes

"Er ging eigenlijk niets fout", seit Van Rongen. Sels de hurde wyn dy't in oantal dagen oer it eilân raasde soarge kwealik foar problemen. "Artiesten hoefden bijna geen voorstellingen af te zeggen." Se hat grutte bewûndering foar de artysten en de besikers. Somtiden moasten dy troch rein en wynkrêft 6/7 fytse om by in foarstelling te kommen. "Dat zie je terug in de sfeer. Die was erg gemoedelijk. Mensen zijn nieuwsgierig. Naar de stukken die ze zien, maar vooral ook naar elkaar. En dat is juist in deze tijden goed om te zien."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

LF2018

Oerol hat ek profitearje kinnen fan LF2018. It luts in soad profesjonele besikers fan oer de hiele wrâld nei it eilân. "Ze komen scouten voor hun eigen festival. Dat geeft de theatermakers hier de kans om hun kunsten ook in het buitenland te laten zien. Daar zijn wij hier erg dankbaar voor", seit Marelie van Rongen.

Ien fan de oare LF2018-projekten is Lân fan taal. Oerol hat dit jier de gearwurking socht mei Lân fan taal. Op ferskate plakken wiene foarstellings te sjen en op de festivalterreinen stie de taalkaravaan.

Van Rongen is posityf: "Het is een mooi programma geworden. Ik denk we heel erg hebben laten zien in Friesland wat de kracht is van meertaligheid. En dat aan een heel breed publiek. Het was een hele leuke en goede samenwerking."

Neiprate mei Marelie van Rongen

Takomst

It is takom jier ûnwis oft Oerol noch gebrûk meitsje kin fan festivalterrein Westerkeyn. Op it stuit rint der in boufergunning. De kâns is lyts dat it terrein dan takom jier noch troch de organisaasje brûkt wurde kin. Van Rongen: "Het is nu echt spannend. We hopen er deze zomer meer over te weten. Wij blijven graag op de Westerkeyn." In alternatyf foar it Westerkeynterrein hat de organisaasje net. "Althans niet één die we kunnen betalen", sa seit Van Rongen.

It oare festivalterrein, de Betonning by West-Skylge, draaide ek goed. De programmearing is dêr op punten oanpast. Der is benammen ynset om mear jongeren nei it festival te krijen. Marelie Van Rongen: "De programmering op de Betonning is vooral gericht op een mix van leeftijden. Oerol moet niet jonger worden, maar wel een goede publieksmix hebben. Dat is juist daar heel goed gelukt."

Oerol slút sneintejûn ôf mei in grut feest op it Griene Strân fan Skylge.

Trefwurden: 
festival Skylge Oerol
(advertinsje)