Geert Dijkstra nije tydlike direkteur Posthuis Theater

De 31-jierrige Geert Dijkstra is mei yngong fan 1 septimber de nije direkteur fan it Posthuis Theater op It Hearrenfean. Dat meldt de gemeente. It giet om in tydlike funksje fan oardel jier. Yn dy tiid sykje gemeente en direksje nei in definitive oplossing.
© Omrop Fryslân
Dijkstra folget Gerard Wolters op, dy't earder dizze moanne mei pensjoen gie. Geert Dijkstra wurket sûnt 2010 by de gemeente Hearrenfean. Earst as adviseur Personiel en Organisaasje, letter wurke er dêr as teamlieder. Dy taken kombinearret er foar in part mei syn nije tydlike funksje fan teaterdirekteur. Hy jout lieding oan tolve fêste meiwurkers.
Yn it Posthuis Theater binne yn in seizoen yn trochsneed 120 foarstellingen te sjen.