Dichteres Janneke Spoelstra nei grut poëzijfestival yn Brussel

Dichteres en skriuwster Janneke Spoelstra fan Alde Leie docht dit jier mei oan in grut poezijfestival yn Brussel. Dat wurdt foar de achtste kear hâlden. It is foar it earst dat der in Fryske dichter by is.
© Gatske Kraak
Janneke Spoelstra draacht op 26 septimber foar út eigen wurk. Op dy dei is it de Europeeske Dei fan de Talen en dan binne der 24 ferskate Europeeske talen te hearren op it festival. De Brusselske organisaasje woe hiel graach in Fryske dichter meidwaan litte no't Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa is.
Janneke Spoelstra debutearre yn 2004 mei de bondel Goeie is it wachtwurd. Yn 2011 kaam har twadde dichtbondel út: Langst fan 'e dagen. Yn 2008 ferskynde har ferhalebondel In Jikselibben. Se treedt rûnom yn Fryslân op, en ek yn Malta en yn Ierlân. De bedoeling is dat har tredde dichtbondel yn febrewaris 2019 útkomt, as se Dichter fan 'e Moanne is. Fersen fan Spoelstra binne oersetten yn it Iersk, Ingelsk, Malteesk, Portugeesk en Spaansk.