Tsjek myn sjipkist: Jitte we aanst wetter yn de benzinetank?

Dizze wike yn 'Tsjek myn sjipkist': de trije teams moatte oan de slach mei de motorkap. Want ja, der komt ek noch in echte motor yn de sjippekiste. Wy hawwe al sjoen dat in motor op blauwe diesel of biogas in goed fossylfrij alternatyf is. Mar soe in motor ek op wetter rinne kinne?
'Tsjek myn sjipkist' wurdt makke yn it ramt fan Fossyl Frij Fryslân. It bestiet út seis ôfleveringen. Yn de earste fiif ôfleveringen wurkje trije teams fan trije basisskoallen oan it bouwen fan in sjipkist. Fierder sjogge we wat fossile brânstof no eins is, wêrom it sa skealik is foar it miljeu en wat duorsume alternativen wêze kinne. 'Tsjek myn sjipkist' sil op 4 july eindigje mei in wedstriid yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. De sjipkist dy't as earst oer de streep is, hat wûn.