Rapport fipronilkrisis wurdt moandei presintearre

24 jun 2018 - 10:26

De kommisje-Sorgdrager presintearret moandei it rapport oer de fipronil-affêre. De oanwêzigens fan it giftige fipronil yn Nederlânske aaien late ferline jier ta de sluting fan hûnderten plomfeebedriuwen. Yn Fryslân waarden ek tal fan bedriuwen troffen, ûnder oare yn Parregea en Drachtsterkompenije.

Foto: ANP

Ald-minister Winnie Sorgdrager krige de opdracht in ûndersyk yn te stellen. It rapport is letter klear kaam as de bedoeling wie. It wurdt moandei mei in fertraging fan in heal jier presintearre.

It bedriuw Chickfriend brûkte de skealike stof fipronil yn ien fan syn produkten om bloedlús by hinnen te bestriden. De pikeboeren wisten dêr neat fan. Yn april kaam it Meldpunt Fipronil mei in evaluaasjerapport oer de kwestje. Dêr stie yn dat de NVWA, de Nederlandse Voedsel- en Waren Autoriteit, net taret wie op de aaie-krisis.

De tsjinst grypte te let yn, wêrtroch't de krisis grutter waard as nedich wie, oardiele it meldpunt.

Trefwurden: 
aaien Fipronil
(advertinsje)