Ferburgen wapen oanlieding foar arrestaasje

De plysje hat yn de ôfrûne drokke stappersnacht yn Ljouwert in previntive fûillear-aksje hâlden. Tusken 10 oere sneontejûn en 6 oere sneintemoarn waarden 220 persoanen en in lytse 50 auto's kontrolearre.
Arrestaasje © Shutterstock.com
Ien persoan waard oanhâlden foar it yn besit hawwen fan in saneamd ferburgen wapen. It giet om in mes yn de foarm fan in credit card.