Sykaksje nei persoan yn it wetter by Wetterpoarte
By de Wetterspoarte yn Snits is it wetter sneontenacht ôfsocht nei in persoan. Omstanners hiene sjoen dat ien yn it wetter rekke wie en doe de plysje belle.
Sykaksje nei persoan yn it wetter by Wetterpoarte
Dûkers fan ferskate ienheden hawwe oan it sykjen west. Der waard fierders ek in team 'oerflakrêders' ynset. De plysje hat ek socht nei wiete plakken yn de omjouwing, omdat de persoan der mooglik sels út kommen is. De sykaksje hat neat opsmiten. De persoan is net fûn. In sykteam komt snein by-inoar