Regisseur fan film oer Redbad steurt him net oan krityk
Regisseur Roel Reiné fan de nije Redbad-film steurt him net oan de krityk dat syn film gjin goed histoarysk byld sjen lit fan de Fryske kening. Sa soe neffens guon de klean fan de Friezen en Franken yn de film net kloppe. Ek de wapens en hûzen soene út de ferkearde tiid komme. Mar Reiné hat dat bewust dien, sa sei er sneontejûn op in byienkomst fan New Noardic Wave, in platfoarm foar Fryske Filmmakers.
'Gewoon boring'
"Ik heb in de aanloop naar de film gekeken naar de kleding uit die tijd en hoe de dorpen er toen uitzagen en dat was gewoon boring." Neffens Reiné ferwachtet it publyk in setting lykas Game of Thrones. Dy hat er besocht te meitsjen, sa seit er.