Ricardo Floris wint Mar-athon Snits

Ricardo Floris fan Maastricht hat sneontejûn de Mar-athon yn Snits wûn. Syn winnende tiid wie 2:36:05. It twadde plak wie foar Roelof Oostra út Mantgum, dy't mear as trije minuten letter binnenkaam yn 2:39:21. Ferline kear wie Oostra ek twadde, mar no wie hy sa'n 10 minuten flugger as doe. It tredde plak wie foar Willem de Boer, dy't 2:42:50 nedich hie.
It rekôr fan Jan Venhuizen, 2:35:32, bliuwt dus nei de edysje fan 2018 stean. Venhuizen (49) rûn syn 25e maraton en nimt no ôfskied fan de topsport.
Ricardo Floris wint Mar-athon Snits
By de froulju wie Ylona Kruis fan Ysbrechtum in klasse apart. Kruis wûn yn 3:09:11 en bleaun de konkurrinsje rom foar. Angeli de Koning waard twadde op mear as fjouwer minuten, en dêr wer fjouwer minuten achter einige Anna ter Steege as tredde (3:17:04)
It wie de fjirde kear dat Ylona Kruis mei die oan de Mar-aton. Ferline jier foel se út, mar se pakte earder ek al de titel en in twadde plak.
Ylona Kruis wint yn Snits