Thewis Hobma wint ek yn Drylts

23 jun 2018 - 21:52

Fierljepper Thewis Hobma hat sneontejûn de wedstriid op de skâns fan Drylts wûn. Hy die dat mei in ôfstân fan 20.13 meter, delset yn syn tredde sprong. Sytse Bokma pakte it twadde plak (19.02). It tredde plak wie foar Nard Brandsma (18.95). It wie foar Hobma alwer de sechsde oerwinning fan it seizoen yn tsien wedstriden.

Wisse Broekstra hellet út by de jonges

By de jonges pakte Wisse Broekstra fan Tzummarum syn twadde oerwinning op rige. Nei de winst yn Burgum wie er ek yn Drylts de sterkste, mei in nij pr fan 17.11 meter.

Rutger Haanstra, dy't de earste acht wedstriden wûn hie by de jonges, waard no twadde mei 16.80 meter.

By de froulju gie de oerwinning nei Akke Dijkstra. Sy ljepte yn har lêste finalesprong nei 13.64 meter. Anneke Broersma waard twadde (13.16), Boukje de Boer tredde (13.10).

Opmerklik wie dat de winnende ôfstân by de famkes wer fierder wie: Tirza Boschma wûn mei 13.76 meter, foar Fardau van Akker (13.50) en Femke Rispens (12.92)

Jan Teade Nauta toant foarm by junioaren

Rutger Piersma wie yn de foarronde de bêste by de junioaren mei 17.40 meter. Jetse Bokma waard twadde (17.12) en Jan Teade Nauta tredde (17.11)

Mar yn de finale pakte Nauta de deititel troch as iennige oer de 18 meter te ljeppen (18.16). Nauta miste it begjin fan it seizoen troch wurksemheden yn Kanada, mar mei syn twadde deititel klimt er wer hurd nei de top by de junioaren.

Trefwurden: 
fierljeppen Thewis Hobma
(advertinsje)