Wolf makket mooglik slachtoffers by Aldtsjerk

23 jun 2018 - 21:34

Yn de nacht fan tongersdei op freed hat in wolf (nei alle gedachten) in skiep dea makke tusken Rinsumageast en Aldtsjerk. Ek waarden meardere skiep mei ferwûnings oantroffen. Dat seit RTV NOF op har webside.

Foto: Facebook Bert Zijlstra

It Faunafûns ûndersiket DNA dat fûn is om te sjen oft it hjir echt om in oanfal fan in wolf giet. As dat sa is, kin de eigner fan de skiep de skea ferhelje op it Faunafûns.

Begjin fan dizze wike wie der foar it earst in melding fan in wolf yn Noardeast-Fryslân.

Trefwurden: 
wolf Aldtsjerk
(advertinsje)