René Hooghiemster twadde yn Omloop fan de Kompenije

23 jun 2018 - 20:56

Hurdfytser René Hooghiemster is sneontejûn twadde wurden yn de Ronde fan de Kompenije. De Snitser waard op de streep mei lyts ferskil klopt troch Peter Schulting. It tredde plak wie foar Ronald Kruijer.

De Omloop fan de Kompenije is in wedstriid oer 80 kilometer. Sneon stie alwer de fyftjinde edysje fan de wedstriid op it programma.

(advertinsje)