Feestlike iepening fan brêge yn Holwert

De nije brêge by Holwert © Bote Sape Schoorstra
Yn Holwert is sneontemiddei in nije brêge yn gebrûk naam. De brêge leit oer de Riet en ferbynt it doarp fia de Nije Púndyk mei de seedyk. Ek kinst no fanút it doarp maklik by de fûgelhutte dy't dêr stiet komme. Dy fûgelhutte is fan it projekt 'Holwerd Buitendijks' fan Steatsboskbehear. By de brêge is in keunstwurk delsetten dat ûnderdiel is fan it keunstprojekt Sense of Place.
De brêge waard iepene troch wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel en Jesler Kiestra fan Steatsboskbehear. De namme fan de brêge is 'De Ferbining'. Dat wie de winnende ynstjoering op in priisfraach dy't doarpsbelang útskreaun hie.