IepenUP vlog: Op blind date mei Ben

Fjirtjin jonge Fryske vloggers, mei allegear in hiel ferskillende achtergrûn, litte alle sneonen sjen wat sy harren ôffreegje. Alle wiken in nije vlog mei hieltyd in oar tema, mei in ûnderwerp dêr't sy har drok om meitsje. De vlogs binne ûnderdiel fan it LF2018-programma IepenUP.
© Omrop Fryslân
Hoe komt it dochs datst safolle grize hieren sjochst yn it teäter? Werom komme jonge minsken der net op ôf? Bo baalt dêrfan en giet op blind date mei Ben (fan it duo Ben en Ruurd). Ben giet nea nei it teäter. Se nimt him mei nei it Heilige Hert fan Cambuur yn Goutum. In stik oer fuotbal, de tsjerke en botsende takomstdreamen.
IepenUP vlog: Op blind date met Ben
Alle vloggers stelle harren foar op de webside fan IepenUP. IepenUP Vloggers is in projekt fan IepenUP en LF2018 en wurdt mei mooglik makke troch Omrop Fryslân en it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.