Earste training SC Hearrenfean

23 jun 2018 - 19:08

SC Hearrenfean is sneon úteinset oan it nije fuotbalseizoen. Under lieding fan de nije trainer Jan Olde Riekerink stie de earste training op it programma. De earste tsien minuten mochten bern mei de spilers meifuotbalje.

Fierder wie it opfallend dat de training om twa oere begjinne soe, mar dat de spilers en technyske stêf al om healwei twaen op it trainingsfjild stienen. "We staan te popelen", sa sei trainer Jan Olde Riekerink.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean
(advertinsje)
(advertinsje)