Harkemase Boys wint Midsimmercup

23 jun 2018 - 19:04

Harkemase Boys hat it toernoai om de Midsimmercup wûn. Yn de finale waard MKV'29 út Ljouwert mei 4-2 ferslein. Yn de heale finale wie de ploech mei 5-2 te sterk foar Broekster Boys, MKV wûn fan FVC.

It winnende team fan Harkemase Boys - Foto: Sybrand Grasdijk, Omrop Fryslân

By de froulju gie de winst nei Sint-Anne. Sy wiene mei 1-0 te sterk foar VIOD.

Sint-Anne, de winner by de froulju - Foto: Sybrand Grasdijk, Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)