Omrop TIP: Fan in bettere nei in oare wrâld

Yn de bosken fan Hoarn op Skylge stiet de iennige folkshegeskoalle fan Nederlân: Schylgeralân. Yn it wykein fan 29 juny fiere sy harren 70-jierrich bestean mei in grutte reüny. Programmamakker Albert Jensma en direkteur Amarins Geveke sjogge werom yn de tiid oan de hân fan de dokumintêre 'Fan in bettere nei in oare wrâld', fan Johan van der Zee. Wat is der feroare de lêste 15 jier?
Fryslân DOK, Fan in bettere nei in oare wrâld © Omrop Fryslân
Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden oeral yn Nederlân folkshegeskoallen oprjochte. Hjir koene, jonge, minsken inoar moetsje, harren ûntwikkelje en de eigen kultuer en identiteit belibje. Hiele folksstammen, Fryske, jongerein en folwoeksenen hawwe inoar yn Skylgeralân moete en genieten fan de aktiviteiten dy't der organisearre wurde. Fan âlds is in folkshegeskoalle in sintrum fan moeting, besinning en kultuer. Op Skylge is it dat noch hieltyd.

Tegearre mei Amarins Geveke, direkteur fan Schylgeralân, wurdt weromsjoen nei de dokumintêre 'Fan in bettere nei in oare wrâld' út 2003. Programmamakker Johan van der Zee stelde doe oan har de fraach: hoe giet it no mei Schylgeralân? Wat is der yn dy 15 jier feroare en hoe sjocht sy de takomst?
De Fryslân DOK dokumintêre 'Fan in bettere nei in oare wrâld' is op snein 24 juny om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.