Partoer Van der Bos wint yn Holwert
It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hat de haadklassepartij yn Holwert wûn. Yn de finale wiene sy mei 5-3 en 6-2 te sterk foar it partoer fan Marten Bergsma, Pieter Jan Plat en Jan Schurer.
De lêste bal wie foar Taeke Triemstra, dy't mei in boppeslach in ein makke oan de finale.