André Manuel spilet Dreejklezoew op Skylge

23 jun 2018 - 18:05

It Oerolfestival is mear as teäter op lokaasje en optredens op festivalterreinen. Yn de kroegen binne ek in soad optredens te sjen. Ien dy't dêr elts jier wer stiet is kabaretier André Manuel.

De nije sjo fan André Manuel begjint stadich oan foarm te krijen. Sûnt in jier as tsien komt hy altyd nei it Oerolfestival ta om dêr te skriuwen en fuort in try-out te dwaan. Muzykkafee De Vijfpoort is syn basis. Alle dagen tidens it festival spilet hy dêr syn sjo. En al dy dagen is it stiif útferkocht.

(advertinsje)