Berltsum wint it NK keatsen by de froulju

23 jun 2018 - 17:34
It winnende partoer yn Eksmoarre - Foto: Henk Bootsma

By it NK Keatsen foar froulju yn Eksmoarre is Berltsum der mei de earste priis fantroch gien. Yn de finale wiene Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma mei 5-1 en 6-0 fiersten te sterk foar it partoer fan Huzum (Nynke Sijbrandij, Anna-Dieuwke Dijkstra en Manon Scheepstra).

It wie foar Berltsum alwer de sechsde oerwinning yn de lêste sân jier.

Koos Wieling yn petear mei Ilse Tuinenga

Manon Scheepstra slagge der opnij net yn om de fjouwer wimpels binnen te heljen. Sy hat de Ald-Meiers Partij, De Jong Famme Partij en de Frouljus PC al wûn, mar it NK ûntbrekt noch hieltyd op har listje.

Koos Wieling yn petear mei Manon Scheepstra

De tredde priis yn Eksmoarre wie foar Ljouwert (Annelien Broersma, Bianca van der Veen en Wiljo Sijbrandij). Yn de heale finale giene sy mei 5-3 en 6-4 ûnderút tsjin Berltsum.

Trefwurden: 
keatsen NK
(advertinsje)