Wetterskip Fryslân ferliest saak wetterskipsheffing

23 jun 2018 - 15:52

Wetterskip Fryslân mei eilân It Gryn en oare parten fan de Waadsee net meirekkenje yn de wetterskipsheffing. Dat hat de Hege Ried freed bepaald nei't Natuurmonumenten yn berop gien wie tsjin in beslút fan Wetterskip Fryslân út 2013. Dit besjutte foar de organisaasje sawat in ferdûbeling fan de wetterskipslesten.

Waadeilân - Foto: Anne Krediet

Yn earste ynstânsje is it berop ôfwiisd troch de rjochtbank. Natuurmonumenten is yn berop gien, omdat de organisaasje fynt dat it behear fan rykswetters net by it Wetterskip leit en dat se ek gjin wurksumheden útfiere yn de Waadsee. Natuurmonumenten kriget no in bedrach fan sa'n 15.000 euro werom foar alle jierren dat der tefolle betelle is en ek de proseskosten wurde fergoede.

(advertinsje)