Roze Zaterdag nei Ljouwert

23 jun 2018 - 15:43

Roze Zaterdag komt yn 2020 nei Ljouwert. It is foar de earste kear dat it evenemint yn Fryslân plakfine sil. Roze Zaterdag is de Nederlânske ferzje fan de Gay Pride Parade. Dat Ljouwert yn 2020 de Roze Zaterdag organisearje sil, waard bekend makke op it haadpoadium op de merk yn Gouda, dêr't dit jier de Roze Zaterdag plakfynt.

It bestjoer fan de 'stichting Roze Zaterdagen Nederland' is goed te sprekken oer it Fryske bidbook: "Het gemeentebestuur heeft een ruime financiële toezegging gedaan waarmee een solide basis kan worden gelegd."

City of Love

City of Love is it tema fan de Roze Zaterdag yn 2020. Leafde wurdt geregeld brûkt as tema, mar neffens de organisaasje is it ek it meast universele gefoel. Yn 2019 is Roze Zaterdag yn Venlo.

"Wij zijn heel blij met dit behaalde succes. Het is een mooie erkenning van de LHBTI in Fryslân", seit Wiekie Gorter, foarsitter fan COC Fryslân. "In Leeuwarden zullen op verschillende plekken evenementen plaatsvinden, die in het teken staan van Roze Zaterdag. Zo wordt het Oldehoofsterkerkhof het Plein van de Liefde, op het Mata Hariplein bij de regenboogtrap zullen verschillende acts plaatsvinden en het Fries Museum wordt omgedoopt tot roze tempel."

Wiekie Gorter, foarsitter COC Fryslân

Gorter hopet dat Roze Zaterdag de opmaat wêze sil foar Fryslân as reinbôgeprovinsje. Fryslân is, tegearre mei Utrecht, de iennige provinsje yn Nederlân dy't gjin reinbôgeprovinsje is.

(advertinsje)