Gemeente: "Soargen oer asbest binne net nedich"

23 jun 2018 - 15:27

It asbest dat frijkaam is by de brân yn it âlde belestingkantoor yn Ljouwert is allinnich oantroffen op it terrein dêr't de brân wie. It is net fierder ferspraat. Dat seit de gemeente, op basis fan mjittingen fan in spesjalisearre bedriuw.

It giet om saneamd 'gebonden' asbest. Dat wol sizze dat it net ferfleant, dat it net yn stikjes brekt, en dat it ek net yn it bluswetter telâne kaam is. It asbest siet yn de finsterbanken fan it âlde belestingkantoar.

Omwenners meitsje har soargen oer de asbest. Ien fan dy minsken is Irma Galema. Sy wennet op noch gjin tsien meter fan it plak fan it ynsidint en moast freed har wenning út fanwegen de fûle brân. Se is bot skrokken. "Ik bin echt bang west. Ik wol graach in petear hawwe mei boargemaster Crone oer de brân. Want der kin in soad better"

It asbest soe eins freed al opromme wurde, mar doe wie it neffens de gemeente Ljouwert noch te waarm yn it ôfbaarnde gebou. It Ryk bepaalt no, as eigener fan it âlde belestingkantoar, wannear't it asbest opromme wurdt.

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert oer de asbest

De brânwacht hat freed de hiele dei dwaande west om de brân te blussen. Der is in protte reek frijkaam. Yn it gebou wennen fiif antykreakbewenners. Fjouwer fan harren wiene thús. Se binne allegear feilich nei bûten kaam.

(advertinsje)